Kollum: Petsje ôf foar ús plysje

29 maaie 2017 - 08:20

Folop heisa ôfrûne wike oer it foarstel fan plysjesjef Pieter-Jaap Aalbersberg om froulju mei in hoofddoekje ta te litten by de plysje. Doel wie om mear allochtoane plysjefroulju te krijen, sadat it korps in bettere ôfspegeling is fan ús maatskippij. De plysjesjef út Amsterdam hie it wurd ‘hoofddoekje’ noch mar amper útsprutsen of de pleuris bruts út. Allinnich al fia social media kamen der 43.000 berjochten binnen. Net allegearre like fatsoenlik, sil ik mar sizze. De heftige reaksjes wiene foar de grutte baas - korpssjef Erik Akerboom - reden om fan it plan ôf te sjen.

Under de artikelen dy't ik tsjinkaam oer dit nijs stiene de meast tryste reaksjes. "Waarom niet meteen een nikab? Dan weten we zeker dat er terroristen onder dit gewaad zitten. Blij dat dit niet doorgaat, want ik zou geen enkel respect kunnen opbrengen voor een agente met hoofddoek", skreau ien. In hoofddoekje stiet dus gelyk oan terrorisme. In foarbyld fan ien mei in tige beheind tinkfermogen. Mar doe’t ik fierder lies, kaam ik noch folle mear soksoart reaksjes tsjin. Blykber binne wy noch lang net wend oan minsken mei in hoofddoekje, sa folle is wol dúdlik.

Persoanlik sels makket it my gjin fluit út oft der in agente mei in pet of mei in hoofddoekje foar my stiet. In aginte mei tatûaazjes of in wynbraupiercing. Mei gouden tosken of grien farve hier. As sy har wurk mar goed docht. Want earlik is earlik: ik moat der sels net oan tinke om plysje te wêzen. Oeral dêr’st komst is it ommers hommeles of stiet de situaasje op it punt om te eskalearen. It liket my de meast swiere baan dy’t der is.

Alle dagen ride plysjemanlju en -froulju nei harren wurk sûnder te witten wat se dit kear tsjinkomme sille. In flinke brân, in deadlike ferkearsûngelok, in selsmoard of in swiere mishanneling. It is samar in opsomming dêr’t plysjeminsken mei konfrontearre wurde. Se moatte nei de meast grouwelige saken ta en sjogge de meast heftige dingen. Tink oan al dy resjersjeurs dy’t berneporno ûndersykje. Of spesjalisten dy’t minskehannel tsjingeane en de meast minskontearende situaasjes tsjinkomme. Ik moat der net oan tinke.

En dan de ‘gewoane’ plysjes op strjitte, dy’t snelheidsduivels en drankriders fan ‘e dyk helje. Dy’t fatsoenlik freegje: ‘Wolle jo efkes blaze menear?’ En dan krije se my dochs in grutte bek fan sa’n dronken bestjoerder. Of aginten dy’t midden yn ‘e nacht by de kroegen en diskoteken stean om dêr de boel yn ‘e gaten te hâlden. Faaks ek net it meast fatsoenlike folk dat dêr foar ûnrêst soarget. Gean der mar oanstean. Om tsjin sa’n opfokte fjochtersbaas te sizzen: ‘Kom do mar efkes mei ús mei’. Ik sjoch soms agintes rinnen dy’t in kop lytser binne as ik bin, mar toch de ballen ha om dit wurk te dwaan. Respekt.

En just dat ûntbrekt der noch wolris oan. Respekt. Dy hiele diskusje oer hoofddoekjes binnen it plysjekorps lit sjen dat der noch folop wurk oan de winkel is. Dat begjint allegearre mei respekt foar de plysje yn it algemien. Gjin grutte bekken, hantsjes thús hâlde en dwaan wat de plysje seit. En oft dat no in aginte is mei in hoofddoekje op as net, dat makket gjin sek út. Petsje ôf foar ús plysje.

(advertinsje)
(advertinsje)