Tongerbuien op komst: koade giel

Tonger © ANP
It KNMI hat moandeitemoarn koade giel ôfjûn fanwege de tongerbuien mei wynstjitten, hagel en rein dy't oer it hiele lân lûke. Yn it súdwesten fan Nederlân wiene moandeitemoarn betiid al swiere tongerbuien, mei wynstjitten oant 70 kilometer de oere, kâns op hagel en in soad delslach yn koarte tiid, sa warskôget it ynstitút. Dy buien binne op dit stuit ûnderweis nei Noard-Hollân en Fryslân. Wettersporters krije it driuwende advys om Waadsee en Iselmar te mijen oant dat de tongerbuien oer binne.

Fan 'e middei moatte ek streken yn it easten fan Nederlân rekken hâlde mei stevige tongerbuien mei rein, hagel en swiere wynstjitten. Yn de nacht nei tiisdei lûke de swierste buien stadichoan fuort nei it easten.