Ekstra tafersjoch op seldsume briedfûgels op Skylge

29 maaie 2017 - 06:59

Steatsboskbehear op Skylge sil de seldsûme fûgels op de Spathoek - it meast westlike puntsje fan de Noordsvaarder - dit briedseizoen better beskermje. Op de grutte sânflakte nestelje seldsume fûgels, lykas de dwerchstirns en bûnte wilster. Dy moatte yn it briedseizoen mei rêst wurden litte.

It pleatsen fan buordsjes ferline jier hat ûnfoldwaande holpen. Dêrom wurde frijwillige fûgelwachters ynset om oerdeis tafersjoch te hâlden. Der komt dizze wike in spesjale post foar de fûgelwachters. Sy sille minsken yn it gebiet oansprekke en foarljochting jaan en freegje de fûgels mei rêst te litten.

(advertinsje)
(advertinsje)