Provinsje makket farren oer de Turfrûte fergees

Mei de boat it wetter op © Alie de Vries
Boatsjeminsken hoege tenei gjin jild mear te beteljen om te farren oer de Turfrûte troch Súdeast-Fryslân. De provinsje makket it farren by plakken as De Gordijk, Donkerbroek en Easterwâlde del fergees, om mear wettersporters fan binnen en bûten Fryslân te lûken. Earder al waarden yn itselde gebiet de skoftperioaden fan de brêgebetsjinning skrast.
It farseizoen oer de histoaryske Turfrûte rint fan healwei maaie oant en mei healwei septimber.