Tuinenga, Sijbrandij en Zeinstra winne yn Wytmarsum

28 maaie 2017 - 19:44

Ilse Tuinenga, Wiljo Sijbrandij en Marrit Zeinstra hawwe sneintemiddei de haadklassepartij troch inoar lotsjen yn Wytmarsum wûn. Yn de finale wienen de froulju mei 5-3 en 6-0 te sterk foar Nynke Sinnema, Maaike Osinga en Manon Scheepstra.

It partuer fan Nelie Steenstra, Anke Winkel en Iris van der Veen pakte de lytse preemje.

(advertinsje)
(advertinsje)