Jannick de Jong de rapste op de gersbaan yn Bielefeld

28 maaie 2017 - 20:35

Jannick de Jong fan De Gordyk hat sneintemiddei de ynternasjonale gersbaanrace yn Bielefeld op syn namme skreaun. Yn de superfinale wie er rapper as James Shanes út Grut-Brittannië. Op it tredde plak einige de Dútser Stephan Katt.

Theo Pijper fan Rinsumageast hie yn de finale in falske start en einige sadwaande net op in poadiumplak.

De reguliere wedstriid waard wûn troch Martin Smolinski. Jannick de Jong einige doe as tredde.

(advertinsje)
(advertinsje)