Sulveren medalje foar roeisters op EK yn Tsjechië

28 maaie 2017 - 16:30
Foto: ANP

Roeisters Ymkje Clevering en Aletta Jorritsma hawwe mei de Holland Acht sulver helle op it Europeesk kampioenskip. Yn it Tsjechyske Racice moast de Nederlânske boat hast twa en in heale sekonde tajaan op Roemenië. Ruslân waard tredde.

Ymkje Clevering makke har debút op it EK. It wie dan ek har earste medalje op in Europeesk kampioenskip. Jorritsma helle yn 2015 ek al sulver mei de Holland Acht en yn 2014 mei Heleen Boers yn de twa sûnder stjoerfrou.

(Advertinsje)
(Advertinsje)