Plysje hâldt grutte kontrôle op it Fryske wetter

28 maaie 2017 - 16:01

By in grutte kontrôle-aksje op it Fryske wetter binne sneon 224 sportfiskers kontrolearre. Der is tolve kear proses-ferbaal opmake fanwegen ferskate oertredingen. Seis fiskers koenen harren fiskpas net toane en krigen dêrom in boete. Ek fiif boatsjefarders krigen in bekeuring, om't se te hurd farden.

Op de Lauwersmar krige in skipper in boete, om't er mei syn boat yn in Natura 2000-gebiet fear. Dat is net tastien.

(advertinsje)
(advertinsje)