Skûtsje Jonge Jasper wint Lemmer Ahoy

28 maaie 2017 - 12:58

Skipper Froukje Osinga en har skûtsje Jonge Jasper hat sneon Lemmer Ahoy wûn. Se einige yn it klassemint foar skipper Sytze Brouwer mei syn skûtsje de Gerben van Manen en skipper Lucas Bouma mei de Grutte Pier. 

Jonge Jasper

Op de earste dei fan Lemmer Ahoy, ôfrûne tongersdei, waard de wedstriid noch skrast fanwege de ferrifeljende waarsomstannicheden. Earst stie der te min wyn yn de Lemster Baai, dêrnei te folle. Op dei twa, freed, wie der wol foldwaande wyn om te silen en der waarden twa races ôflein, yn moarns en ien middeis. Beide wedstriden waarden wûn troch de Jonge Jasper.

Earbetoan

By de start fan de middeiswedstriid waarden troch de skûtsjes de nok efkes nei ûnderen litten om stil te stean by it ferstjerren fan âld-SKS skipper Meindert de Groot fan it SWH skûtsje. 

Skûtsje omslein

Op dei trije, sneon, waarden opnij twa wedstriden syld. It skûtsje Grou fan skipper Pieter Meeter wûn de earste. Skipper Lucas Bouma fan de Grutte Pier wûn de twadde. It skûtsje De Eenvoud fan skipper Remy de Boer sloech om troch de hurde wyn.

Besjoch hjir de folsleine útslach yn alle skûtsje klassen fan Lemmer Ahoy.

Trefwurden: 
Lemmer Ahoy skûtsjesilen
(advertinsje)
(advertinsje)