UPDATE: Wettersteuring yn Noardwest-Fryslân, lek is fûn

28 maaie 2017 - 10:47

De regio Noardwest-Fryslân hat sneintemoarn te krijen mei in grutte wettersteuring. Ut ûnder oare Harns, Mullum en Seisbierrum komme meldingen fan in lege wetterdruk of hielendal gjin wetter. De monteurs fan Vitens ha it lek ynmiddels fûn by in baggerdepot by Harns en ha it lek tichtmakke. Guon húshâldens yn Harns en omkriten ha dêrom wer wetter. Trochdat it wetter omlaat wurdt, is de druk leger as gewoanwei. It is noch net dúdlik hoe let it lek reparearre is en wannear't de wetterfoarsjenning yn de regio wer op peil is.

Trefwurden: 
wettersteuring Vitens Harns
(Advertinsje)
(Advertinsje)