Aginte licht ferwûne nei oanhâlding dronken jonge

28 maaie 2017 - 10:00

In plysje-aginte is licht ferwûne rekke by de oanhâlding fan in 16-jierrige jonge út Dokkum. De dronken jonge wie net goed wurden op de Buterblom yn Damwâld en doe't de plysjes besochten him oerein te helpen, misledige en bedrige er harren. Hy waard dêrop oanhâlden, mar de fertochte fersette him en sloech en skopte de plysjes. De aginte waard hjirby yn har gesicht rekke en rekke ferwûne.

Se hat oanjefte tsjin de fertochte dien. De jonge is yn 'e boeien slein en meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
oanhâlding Damwâld
(advertinsje)
(advertinsje)