Nard Brandsma fierwei de bêste ljepper yn Winsum

27 maaie 2017 - 22:16

Nard Brandsma wie sneontejûn mei sprongen fan 20.66 en 20.90 meter fierwei de bêste ljepper yn Winsum. Yn de tredde wedstriid fan it seizoen naam er ek de liederstrui oer fan Thewis Hobma. Hobma waard twadde mei 19.01 en Sytse Bokma tredde mei 18.68.

Fjoerwurk wie der by de junioaren. Freark Kramer ljepte yn syn twadde sprong in persoanlik rekôr: 19.45. Rutger Piersma gong dêr mei syn tredde ljep wer oerhinne: 19.71, ek in pr.

By de froulju gong de winst foar it earst dit seizoen nei Klaske Nauta mei 14.77, Marrit van der Wal waard twadde mei 14.10. Sigrid Bokma ljepte by de famkes fierder as de froulju. De Hylper ljepster kaam nei 15.55 yn it sânbêd. Jarich Wijnstra wûn by de jonges mei 17.51.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)