De Harmonie komt mei app: primeur yn teäterlân

27 maaie 2017 - 20:13

Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert hat by de presintaasje fan de aginda foar it nije seizoen in app lansearre. De app is in primeur yn teäterlân. Mei de app 'Harmonie+'  is de aginda ynteraktyf wurden.

Spesjaal selektearre foarstellingen en eveneminten yn de aginda binne mei de app te scannen en dan ferskynt in previewfilmke, lûdsfragmint of animaasje (augmented reality). Sa kin elkenien maklik yn de kunde komme mei de foarstellingen. De app wurket ek by posters yn de stêd fan de oanbelangjende foarstelling. De Harmonie is it earste teäter yn Nederlân dat de technyk fan augmented reality ynset.

Under oare OG3NE, Huub Stapel en Lenette van Dongen wurken mei oan ferskate fideo’s foar de Harmonie+ app. Nije klips folgje it hiele seizoen troch. 

Trefwurden: 
De Harmonie app Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)