Toerswellen ha moai plakje krigen yn nije tille yn Drylts

27 maaie 2017 - 19:36

Yn Drylts stiet de iennige toersweltille fan Fryslân. Dowetillen binne der genôch yn Fryslân, mar fan dizze is mar ien. De toerswellen oftewol gierzwaluwen kinne yn it nije fûgelûnderkommen sliepe, mar eins foaral briede. It is in inisjatyf fan Chris de Jong.

Hy seach hoe't de fûgels earder in plak kwytrekken yn syn buert en kaam yn aksje. Earst die er dat mei nêstkastkes op syn eigen hûs, mar de nije toersweltille is in stik grutter. Der kinne 36 spantsjes yn. Op it stuit sitte der noch gjin briedende fûgels yn, mar neffens De Jong moatte de fûgels der noch wat oan wenne. Sy sliepe der al wol yn en hy hat goede hoop dat it takom jier al slagget.

De tille koste 6.000 euro. De helte dêrfan is betelle troch de gemeente Súdwest Fryslân en de oare helte troch lokale ûndernimmers. It Bûn fan Fryske Fûgelwachten hat loklûden levere.

Trefwurden: 
tille Drylts toerswel
(advertinsje)
(advertinsje)