Trio Van der Bos wint keatsen yn Dokkum

27 maaie 2017 - 18:15

De haadklasse frije formaasje wedstriid yn Dokkum is sneon wûn troch it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra (kening). Sy woenen de finale mei 5-1 en 6-6 fan Hendrik Tolsma, Allard Hoekstra en Daniël Iseger. De lytse preemje wie foar Auke Boomsma, Kees van der Schoot en Arie den Breejen. Dizze partij wie in bytsje devaluearre trochdat der in soad blessearren wiene en hjirtroch ek in soad ynfallers.

Dizze winst betsjutte de 150ste oerwinning fan Taeke Triemstra en de sânde yn Dokkum. Tjisse Steenstra waard útroppen ta kening.

(advertinsje)
(advertinsje)