Kuierders ha alvestêdetocht folbrocht

27 maaie 2017 - 17:40

Mei in goed sin kamen mear as 700 dielnimmers fan de kuieralvestêdetocht sneontemiddei oer de finish yn Ljouwert. De lêste etappe wie dan ek mar 28 kilometer: fan Dokkum nei Ljouwert. Mei elkoar rûn de fanatike kuierders 207 kilometer. Der wie dit jier net folle útfal, alle dagen sa'n 3 oant 5 minsken. It moaie waar hat dêr bot by holpen en troch in aardige wyn waard it net te hyt.

(advertinsje)
(advertinsje)