Nyck de Vries wint Formule 2 sprintrace yn Monako

27 maaie 2017 - 17:34

Nyck de Vries út Snits hat sneon de sprintrace yn Monako wûn. It is de earste winst foar de Formule 2-koereur yn dy klasse. "Geweldig” sei De Vries nei ôfrin. "Ik ben extreem gelukkig om hier in Monako mijn eerste F2-zege te pakken."

Troch gridstraffen moast er de haadrace op freed fan it fjirtjinde plak ôf starte, mar hy skode stadichoan op en kaam troch sels goed te riden en troch flaters fan konkurrinten as sande oer de streek. Yn de sprintrace startte De Vries op de twadde posysje, mar naam nei in fûle start de kop oer fan teamgenoat Cecotto.

Hy boude dêrnei in feilige marzje op mei it each op Cecotto en hâlde de rest fan de race ûnder kontrôle. Uteinlik kaam de ûntwikkelingskoereur fan McLaren mei tsien sekonden foarsprong op syn teamgenoat as winner oer de streek.

(advertinsje)
(advertinsje)