Harkemase Boys ferliest fan FC Lisse: gjin promoasje

Harkemase Boys hat sneon op it eigen sportpark De Bosk yn de neikompetysje mei 4-1 ferlern fan FC Lisse. Dat is soer om’t de Harkiten mei winst nei de twadde difyzje promovearje soenen. Dêr wie inkeld in lykspul foar nedich.
Nettsjinsteande twa grutte kânsen yn de earste helte foar de Friezen waarden dy net fersulvere. Nei in healoere kaam út it neat in goal op namme fan Boyd Stevens foar de gasten. Yn de twadde helte krigen de Harkiten in moaie kâns op de lykmakker, mar de bal gie neist. Yn de 62ste minút makke Rowdy van der Putten de twadde goal foar Lisse.
De Harkiten gienen fûl op jacht om in doelpunt te skoaren om sa ferlinging ôf te twingen. Dat slagge ek yn de 80ste minút doe’t Klaas Schotanus raak kopte. De freugde duorre net lang, want trije minuten letter wist Lisse de 1-3 te skoaren. De dream foar de Harkiten wie echt oer doe’t Rowdy van der Putten syn twadde goal makke. Mei 1-4 as einstân bliuwt Harkemase Boys dus yn de tredde difyzje.