Buske ramt hûs yn Minnertsgea: flinke skea

27 maaie 2017 - 15:32

Yn Minnertsgea is sneontemiddei oan de Ferniawei in buske tsjin de gevel fan in wenning knald. De bestjoerder soe ferwûne rekke wêze. De wenning hat fikse skea oprûn. De gevel is ûntset en drige yn te stoarten. De brânwacht hat de gevel skoarre. Ek it buske wie swier skansearre.

Hoe't it ûngelok barre koe, is noch net dúdlik. De dyk hat in skoft ôfsletten west.

Trefwurden: 
ûngelok Minnertsgea gevel
(advertinsje)
(advertinsje)