Marit Bouwmeester hellet sulver yn Medemblik

27 maaie 2017 - 15:21

Marit Bouwmeester út Warten hat sulver helle yn de Laser Radialklasse by de Delta Lloyd Regatta. Sneon waard de medalrace syld yn Medemblik. Dêrmei waard de fjouwer dagen duorjende wedstriid ôfsletten. Manami Doi út Japan waard earste yn it klassemint.

It wie in spannende wedstriid. Manami Doi einige as njoggende en lei dêrtroch mar mei twa punten foar op Bouwmeester. De Olympysk kampioene hie in dreech begjin fan de wike. Mar úteinlik einige se by trije fan de seis races as earste.

(Advertinsje)
(Advertinsje)