Lytse natuerbrân by Beetstersweach

27 maaie 2017 - 15:12
Foto: Srfotografie

Yn de bosk lâns de Van Harinxmawei by Beetstersweach hat sneontemiddei in lytse natuerbrân west. Troch rap optreden fan de brânwacht is foarkaam dat der in grutte boskbrân ûntstie.

De brânwacht warskôget minsken dy't no yn de natuer komme om foarsichtich te wêzen mei iepen fjoer. Troch it waarme waar kin der gau brân ûntstean yn de drûge natuer.

Ek by It Heidenskip wie der sneontemiddei natuerbrân, by de Lange Hoekspolle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)