Lifeguards binne yn training op Flylân

Sa'n tsien nije lifeguards traine dizze wike op Flylân foar it nije strânseizoen. Se binne dizze simmer op de Waadeilannen aktyf. Se moatte toeristen op de strannen warskôgje foar de gefaren fan de streaming fan de Noardsee. Dy streaming is soms hiel sterk en dat kin ta ferdrinkingen liede. De training wurdt ôfsletten mei in eksamen.