Auto op 'e kant set op Skylge: flinke skea

27 maaie 2017 - 14:47
Foto: Politie Terschelling

Unbekenden hawwe yn de nacht fan freed op sneon op Skylge in lytse auto op syn kant set. De Fiat Seicento rekke dêrtroch skansearre. Neffens de plysje is de skea oan de auto op syn minst 1.500 euro. De plysje freget tsjûgen om har te melden.

Trefwurden: 
plysje Skylge
(Advertinsje)
(Advertinsje)