Kemper yn de brân by tankstasjon

Brân yn de kemper © SR Fotografie
In brânende kemper soarge sneontemiddei koart foar skrik by it Q8-tankstasjon lâns de Wâldwei. Doe't de bestjoerder de kemper startte, fleach de motor yn de brân. Omstanners hawwe de brân blust, wêrtroch de brânwacht allinnich noch mar hoegde te kontrolearjen at de brân goed út wie. De kemper rekke oan de foarkant skansearre.