Buma weriepenet Warkum's museum

27 maaie 2017 - 12:30

It fernijde museum Warkums Erfskip is sneon weriepene. It museum is hielendal ferboud. Tenei stiet de eigen skiednis fan de stêd sintraal. Dy wurdt ta libben brocht mei help fan makettes, ferhalen en multimediapresintaasjes. De ferbouwing hat sa'n 250.000 euro koste. It museum hat foar de ferbouwing in skoft ticht west. Fraksjefoarsitter fan de CDA-twadde keamerfraksje en âld-Warkumer Sybrand van Haersma Buma wie by de iepening oanwêzich.

(Advertinsje)
(Advertinsje)