600 histoaryske auto's by de alvestêden del

27 maaie 2017 - 12:13
Oldtimers yn Frjentsjer - Foto: Omrop Fryslân

Sa'n 600 histoaryske auto's en motoaren dogge sneon mei oan de Elfsteden Oldtimer Rally. It is foar de 32e kear dat de rally by de alve stêden yn ús provinsje del hâlden wurdt. It grutste iendaagse oldtimerevenemint yn Europa wurdt ek wol in ridend museum neamd. Allinnich auto's fan foar 1950 meie meidwaan. De dielnimmers komme út Nederlân, België, Dútslân, Frankryk en Denemarken. De start wie freedtemoarn yn Wikel, de finish is yn Sleat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)