Bromfytser slim ferwûne by ûngelok

27 maaie 2017 - 10:32
Foto: ANP XTRA

In 72-jierrige bromfytser út Ljouwert is freed oan de ein fan de middei slim ferwûne rekke nei in iensiedich ûngelok op de Stienzer Dyk by Stiens. De brommerrider rekke troch noch ûnbekende oarsaak fan de dyk en kaam te fallen. Foarbygongers fûnen de man en warskôgen de helptsjinsten. Dy hawwe de man nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
ûngelok
(Advertinsje)
(Advertinsje)