18-jierrige fytser ferwûne rekke yn Ljouwert

27 maaie 2017 - 10:12
By it ûngelok rekke in fytser ferwûne - Foto: Omrop Fryslân, Feike Wouda

In 18-jierrige fytser út Ljouwert is freedtemiddei slim ferwûne rekke nei in oanriding mei in bestelbus op de Planeteleane yn Ljouwert. De fytser ferliende by it oerstekken fan de dyk nei alle gedachten gjin foarrang, wêrnei't de 73-jierrige bestjoerder fan It Hearrenfean de fytser net ûntwike koe. De helptsjinsten rukten manmachtich út, wêrûnder de traumahelikopter. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it UMCG-sikehûs yn Grins brocht.

Trefwurden: 
ûngelok Fyster
(Advertinsje)
(Advertinsje)