Op en Ut foar it lêst fanút kafee De Bak

It radioprogramma Op en Ut fan Omrop Fryslân wurdt sneon foar it lêst makke fanút kafee De Bak yn de Blokhûspoarte yn Ljouwert. It kafee en de finzenis sille ferboud en oanpast wurde, hjirtroch kin it programma net langer útstjoerd wurde fanút de Blokhûspoarte. Op en Ut hat der yn de ôfrûne jierren in tradysje fan makke om op sneontemoarn allerhande artysten en gasten út te nûgjen yn it kafee. Ek gewoane belangstellenden koene delkomme foar in fergees bakje kofje, en om ris te sjen hoe't in live-radioprogramma makke wurdt. Op en Ut sil fan takom wike ôf gewoan wer fanút de studio yn it Omrop Fryslân gebou makke wurde.