Fryslân foldocht oan taakstelling opfang statushâlders

27 maaie 2017 - 08:42

Fryslân foldocht oan de taakstelling fan it opfangen fan statushâlders. Dat seit de Feriening Fryske Gemeentes. Alle gemeenten binne ferplichte om foar in bepaald tal statushâlders in wenning te fersoargjen. Sa moatte de Fryske gemeenten dit jier goed 16-hûndert flechtlingen mei in ferbliuwsfergunning húsfêstje. Yn desimber foldienen de gemeenten yn ús provinsje noch net oan dy doelstelling; no dus wol. Dat komt benammen trochdat de ynstream fan flechtlingen ôfnaam is, hjirtroch is it tal minsken dat in nij plakje krije moat ek bot ôfnaam.

(Advertinsje)
(Advertinsje)