Ynbrekker út de boskjes plukt

27 maaie 2017 - 07:38
Foto: ANP

In 26-jierrige ynbrekker is freed yn Drachten oanhâlden. De man sûnder fêst wenplak hie in rút fan in wenning oan de Boargemaster Wuitewei ynsmiten. Hy waard trappearre troch de bewenster en naaide út. De bewenster warskôge de plysje en dy gie achter de ynbrekker oan. De man is úteinlik op de Hopperus Bumaperk troch de plysje út de boskjes helle, dêr't hy him ferstoppe hie. Hy hie in part fan de bút noch by him. De man stiet by de plysje bekend as in prottepleger en sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
plysje ynbrekker
(Advertinsje)
(Advertinsje)