Drankriders pakt yn Ljouwert

27 maaie 2017 - 07:29
Alkoholkontrôle (argyffoto) - Foto: Omrop Fryslân

De plysje yn Ljouwert hat yn de nacht fan freed op sneon twa drankriders oanhâlden. In 22-jierrige snorfytser út de stêd waard op de Voorstreek oanhâlden. De man krige in boete fan 125 euro, in rydferbod fan 3 oeren en moat him melde foar in ferkearskursus by it CBR. In 25-jierrige automobiliste út Zaanstad waard op de Willemskade oanhâlden. Sy krige in boete fan 300 euro, in rydferbod fan 3 oeren en moat har ek melde foar in kursus by it CBR.

Trefwurden: 
plysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)