Heidebrân by Lippenhuzen

27 maaie 2017 - 07:16

Yn in bosk oan de Bûtenwei by Lippenhuzen hat yn de nacht fan freed op sneon in heidebrân west. Om it fjoer blusse te kinnen, rukte de brânwacht út mei tankweinen fol wetter út. Dat moast om't der gjin brânkranen yn it gebiet binne. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. Der hat in hektare heide yn de brân stien. Op Skylge wie freed ek in boskbrân. De plysje op it eilân siket tsjûgen, om't de brân mooglik oanstutsen is.

Trefwurden: 
brân
(Advertinsje)
(Advertinsje)