Kollum: Robocop en Sinteklaas

27 maaie 2017 - 08:25

"Eins woe ik it hjoed oer Sinteklaas ha, want dy is ferhuze. Teminsten, dat wat fan him oer is. Dy pear bonkjes, ofwol relikwyen, hawwe se fan Bari nei Sint Petersburch tôge. Mar omdat it betiid op de dei is en der miskien ek topografysk goed ûnderleine bern harkje, soe dat in soad útlizzerij en in lang ferhaal wurde, omdat Bari net yn Spanje leit en Sinteklaas fansels noch altyd harstikkene springlevend is.

Dus lit ik dat mar foar wat it is en gean even werom yn de tiid. Nei 1987 om krekt te wêzen. Doe ferskynde de film Robocop. Regisseur Paul Verhoeven en kameraman Jan de Bont soargen foar in grutte Nederlânske ynbring. It ferhaal wie frijwat tin, mar it is wol hingjen bleaun. In robot dy’t yn de rol fan plysjeman de strjitten fan de Amerikaanske stêd Detroit frijmeitsje moat fan kriminelen. Ik tink dat der in soad harkers binne dy’t de film wolris sjoen ha. Net folle sille doe tocht ha dat dit personaazje ea echt bestean soe. We binne ynhelle troch de tiid, want de earste echte robotplysje is net allinnich ûntwikkele, mar docht sûnt dizze wike ek gewoan tsjinst op de dyk.

Dizze androïde, wat safolle betsjut as in op in minske lykjende entiteit, kuieret noch net troch Fryslân. Ik ha him as har ek noch net foarbykommen sjoen yn ien as oar plan yn it ramt fan Kulturele Haadstêd, mar it is ek noch gjin 2018, dus wa wit. Eins wol spitich, mar je moatte no hielendal nei Dubai ta, wolle je dizze noviteit oan it wurk sjen. En pas op, hy sjocht jo ek. Ik sis hy, mar ik wit net hoe’t je sa’n ding oansprekke moatte. Is in robotplysje manlik of froulik?

Hoe dan ek, it is dus in feit dat der ien is dy’t gewoan oer de dyk rint. Dubai hat grutte plannen, as de proef mei dit wêzen slagget, wolle se yn 2030 dat in kwart fan it plysjekorps út robocops bestiet. Ja, dat is dus tweintich jier earder as dat der nije brêgen yn de Ôfslútdyk komme. Om jimme in idee te jaan wat der yn de rest fan de wrâld as belangryk besjoen wurdt.

Dy robot is op it earste gesicht net ien om daliks benaud foar te wurden. 1.65 heech, in pet op en it gesicht is in wyt masker, dat wol wat wei hat fan de maskers dy’t de surfers yn de film Point Break út 1991 op dienen foardat se in bank oerfoelen.

Hy kin gesichten scanne, in ferkearsboete inne. Jo kinne sels ek meihelpe yn de striid tsjin it kwea troch him op syn boarst yn te seinen oer in misdie. Syn boarst bestiet nammentlik út in touchscreen. Ik wit net oft je der ek spultsjes op spylje kinne, dat soe foar de bern wol aardich wêze, mar robocop hat it dêr miskien ek fierstente drok foar yn syn missy tsjin de boeven fan Dubai. Hy is ek útrêsten mei in mikrofoan, dy’t jo yn ferbining bringt mei in callcenter fan de plysje. Noch ien punt, hy is net bewapene. Dat liket my wol in gerêststellende gedachte. Je witte net hoe skerp it ding ôfsteld stiet, dus as jo ien minút te let by jo auto komme en ús flinke robocop hat yn rekôrtempo in boete útskreaun omdat parkeartiid op wie, witte je net hoe’t er reagearje sil as jo dêr wat fan fine. Foar itselde sjit er jo daliks yn de foet of sa.

It sil my benije hoe’t er foldwaan sil, ús robocop. Oft er ek rekken hâldt mei omstannichheden. Him ynlibje kin yn minsken. Ploaiber is. In kear wat troch de fingers sjocht. In kear wat fuortlaitsje kin. Yn de geast fan de wedstriid fluitsje, sis mar. Wat tinke jim?"

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Ek presintearret er geregeld Flyers TV. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels . Ferdinand is te folgjen op Twitter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)