Ferlies foar sealfuotbalsters Drachtster Boys tsjin Pernis

© Omrop Fryslân, Roelof de Vries
De sealfuotbalsters fan Drachtster Boys hawwe de earste finalewedstriid om it Nederlânsk kampioenskip ferlern fan Pernis. Yn de eigen seal yn Drachten waard it 5-1. Pernis kaam yn de earste helte op in 2-0 foarsprong. Drachtster Boys kaam nei it skoft werom oant 2-1 en like de lykmakker te meitsjen, mar Pernis joech de foarsprong net út hannen en makke sels noch trije doelpunten, sadat de grutte mar flatearre 5-1 útslach by it einsinjaal op it skoareboerd stie.
Drachtster Boys en Pernis meitsje yn in bêste fan trije searje út wa't Nederlânsk kampioen sealfuotbal wurdt. De returnwedstriid is nije wike yn Schiedam. As Drachtster Boys dy wint, wurdt der in tredde wedstriid spile. As Pernis wint, is de ploech kampioen.