Froulju SC Hearrenfean ferlieze mei 5-2 fan Telstar

26 maaie 2017 - 21:52
Fotomomint foar de lêste thúswedstriid fan it seizoen - Foto: Twitter, Coby van der Laan

De froulju fan Sportklup Hearrenfean hawwe de lêste wedstriid fan it seizoen ferlern fan konkurrint Telstar. Op Skoatterwâld waard it freedtejûn 5-2 foar de besikers. Hearrenfean stride mei Telstar om it fyfde plak yn de earedifyzje, mar moat it troch it ferlies no dwaan mei it sechde plak yn de einstân.

Ajax is kampioen wurden yn de earedifyzje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)