Ferlies foar darter Danny Noppert yn Wales

26 maaie 2017 - 21:21
Danny Noppert (argyffoto) - Foto: Omrop Fryslân, Mats Gies

Darter Danny Noppert fan De Jouwer is der freedtejûn net yn slagge om syn earste telefyzjewedstriid nei de Lakeside-finale te winnen. Op de BDO World Trophy yn it Welske Barry ferlear Noppert mei 6-4 fan Willem Mandigers fan Eindhoven. Noppert rûn de hiele wedstriid efter de feiten oan en koe de efterstân net mear goedmeitsje.

Ferline jier helle Noppert noch de kwartfinale fan de World Trophy. Dit jier leit er der dus yn de earste ronde út. Noppert kin him no opmeitsje foar in simmerstop wat de telefyzjetoernoaien oanbelanget. Yn septimber stiet de Winmau World Masters op it programma.

Trefwurden: 
darte Danny Noppert
(Advertinsje)
(Advertinsje)