Marit Bouwmeester wint twa races by Regatta Medemblik

26 maaie 2017 - 21:09
Marit Bouwmeester (argyffoto) - Foto: Twitter Marit Bouwmeester

Marit Bouwmeester hat freed bysûnder goede saken dien yn de Laser Radialklasse by de Delta Lloyd Regatta yn Medemblik. De Olympysk kampioene wûn beide races en klom dêrtroch fan it njoggende nei it twadde plak yn it klassemint. Dit betsjut dat se sneon meidwaan mei oan de ôfslutende medaljerace.

"Dit wie in prima dei. Der wie wat spanning oft ik de medalrace wol helje soe. Dat is mei twa oerwinningen hjoed goed slagge", sei in opteine Bouwmeester. De Japanske Manami Doi stiet boppe-oan yn it klassemint mei in grutte foarsprong op Bouwmeester: 18 punten.

Trefwurden: 
sile Marit Bouwmeester
(Advertinsje)
(Advertinsje)