Frysk Strjitfestival wer úteinset

26 maaie 2017 - 20:19

Yn Ljouwert is freedtejûn it Frysk Strjitfestival úteinset. Dat barde mei in optreden fan de band Not You op it Klokplein en it stik 'it libbensferhaal fan in Renaul 4' op de Iewâl. Rûnom yn de stêd kinne minsken fergees freedtejûn en sneon de hiele dei genietsje fan strjitteäter en muzyk. Fanwege weromrinnende finânsjes, duorret it strjitfestival dit jier twa dagen, freed en sneon. Ornaris duorre it festival fan freed oant en mei snein.

It Frysk Strjitfestival bestiet al sûnt 1980 en is dêrmei ien fan de âldste festivals fan Ljouwert. It is de ôfrûne jierren útgroeid ta ien fan de grutste strjitteäterfestivals fan Noard-Nederlân. It festival hat ek in eigen publykspriis ynsteld. Dêrfoar binne trije acts nominearre. It publyk bepaalt wa't wint.

Trefwurden: 
Frysk Strjitfestival
(Advertinsje)
(Advertinsje)