Langste Straatloop Sint-Jabik ynkoarte fanwege de waarmte

26 maaie 2017 - 19:58

De organisaasje fan de Langste Straatloop fan Nederlân yn Sint-Jabik hat yn ferbân mei it foarseine waarme waar fan sneon, de twa langste ôfstannen skrast. It giet om de 30 en de 35 kilometer. Foar de oare ôfstannen wurde ekstra wetterposten ynrjochte. It giet dan om de 5, 10, 16 en 21 kilometer. De starttiid fan fiif oere middeis bliuwt wol gelyk.

De Langste Straatloop wurdt troch in soad dielnimmers oan de langste ôfstannen brûkt as lêste tarieding op de Mar-athon, om de Snitsermar hinne. Dy wurdt freed 23 juny organisearre mei start en finish yn Snits. 
 

(advertinsje)
(advertinsje)