Studinteteams moatte fergrizing roeisport foarkomme

103 roeiteams binne freed yn Ljouwert úteinset foar de ferneamde alvestêderoeimaraton oer 210 kilometer. Under de teams binne dit jier 15 studinteteams en dêr is de organisearjende Ljouwerter feriening Wetterwille tige wiis mei. Se sjogge it as in moai ynstrumint tsjin de fergrizing fan it lange ôfstân roeien.

De maraton wurdt wer om 'e noard roeid, sadwaande earst hinne en werom nei Dokkum. Sneon oerdei sille de sinne en de eastelike wyn foar de nedige problemen soargje, ferwachtet de organisaasje. De nije Ljouwerter stedskemping oan de Wide Greuns, flakby de Froskepôle, profitearret flink fan de tocht: der binne mar leafst sa'n 200 plakken beset. Dêrûnder in soad folgers fan de roeiers, mar ek dielnimmers oan it strjitfestival dat freed begjint.