Harry van der Molen wol mear kolleezjes yn it Nederlânsk

26 maaie 2017 - 17:31

Nederlânske universiteiten en hegeskoallen moatte wer mear Nederlânsk yn de lessen brûke. Der wurde no tefolle lessen yn it Ingelsk jûn, om sa mear bûtenlânske studinten te lûken. Beter Onderwijs Nederland BON stapt no nei de rjochter om dit te kearen. De ûnderwiisferiening krijt stipe út de Twadde Keamer.

Neffens it Ljouwerter CDA-keamerlid Harry van der Molen is hast 80 prosint fan de kolleezjes yn it Ingelsk. En dat moat neffens him oars. Hy wol dat de minister yngrypt en de skoallen oan harren wetlike plicht hâldt om allinnich yn gefallen as it echt net oars kin yn it Ingelsk les te jaan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)