Sineeske Kulturele Haadstêd 2017 op besite yn Ljouwert

26 maaie 2017 - 16:25

In delegaasje út de Sineeske stêd Changshá is freed op besite yn Ljouwert. Changsá is op it stuit ien fan de trije kulturele haadstêden fan East-Azië, mei stêden yn Japan en Súd-Koreä. Deputearre Sietske Poepjes, wethâlder Friso Douwstra en Oeds Westerhof fan Kulturele Haadstêd hjitte de Sinezen wolkom by de Aldehou. Fertsjintwurdigers fan it Sineeske ministearje fan kultuer en de Sineeske ambassade binne derby.

Yn popsintrum Neushoorn giet it programma fierder. Der wurde films fertoand en der wurdt meielkoar praat oer de typyske kultuer fan Fryslân en Hunan, de Sineeske provinsje dêr't Changshá de haadstêd fan is. De stêd is trouwens, wat grutte oanbelanget, amper te fergelykjen mei Ljouwert: yn Changshá wenje mear as 7 miljoen minsken.

Trefwurden: 
Sina KH2018 LF2018
(Advertinsje)
(Advertinsje)