Van Dam: Melkfeehâlders hoege minder yn te krimpen

26 maaie 2017 - 16:18

De melkfeehâlders hoege yn it tredde fearnsjier minder yn te krimpen mei de produksje fan stront as earder foarsjoen. It giet om 12 persint yn plak fan 20 persint. Dat komt omdat de ôfrûne tiid al goede foarútgong makke is mei it fosfaatreduksjeplan. Steatssiktaris Martijn van Dam fan Ekonomyske Saken hat dat freed bekend makke nei oerlis mei de suvelsektor, de feefoeryndustry en de Rabobank. It is it doel dat de sektor ek foar de rest fan it jier op 12 persint útkomt.

,,Uit recente cijfers van het CBS blijkt dat in de afgelopen periode de melkveestapel zo is ingekrompen dat het doel van het fosfaatreductieplan binnen bereik is'', seit Van Dam. ,,Maar we zijn er nog niet. Het is in het belang van de melkveehouderij om nu vol te houden en de laatste stappen te zetten.'' De Nederlânske melkfeehâlders moatte werom yn de strontproduksje omdat Nederlân ferline jier mear produsearre as it tastiene maksimum, it saneamde fosfaatplafond.

Steatssiktaris Van Dam en de suvelsektor namen ôfrûne jier ferskate maatregels om de oerproduksje fan stront oan te pakken. It gie ûnder oare om in regeling foar boeren dy't ophâlde woene. Ek moatte boeren dy't de lêste jierren útwreide hawwe wer werom yn de strontproduksje. Janita ten Berge fan LTO-Noard is bliid mei de oankondiging fan de steatssiktaris. Se hopet dat dit wer wat mear rêst jout by de boeren.

(advertinsje)
(advertinsje)