Harkemase Boys op râne twadde difyzje

26 maaie 2017 - 16:11

Harkemase Boys kin sneon foar in unike prestaasje soargje. By winst of in lykspyl tsjin FC Lisse promovearje de Harkiten nei de twadde difyzje. It heechste amateurnivo ea. De Boys stean der goed foar, want de útwedstriid tsjin FC Lisse waard mei 2-1 wûn. Harkemase Boys ferwachtet sa'n twa tûzen taskôgers by de wedstriid. It wurdt tropysk, mar op dat punt wurde fierder gjin spesjale maatregels naam. "It bier is kâld, dat is it belangrykste", sa sei in wurdfierder fan de klup.

Harkemase Boys-Lisse wurdt ek de lêste wedstriid fan "De Maradona fan de Wâlden", Oebele Schokker. Hy hâldt op mei topfuotbal en spilet takom seizoen op in leger nivo by Jobbegea. Harkemase Boys is dwaande mei de opset fan in jeugdoplieding, dy't sertifisearre wurde moat. As dat slagget hoecht de klup yn de takomst minder kontraktspilers te hawwen.

Trefwurden: 
Harkemase Boys fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)