Fytser (74) ferûngelokke nei botsing mei auto yn Ferwâlde

De helptsjinsten oan it wurk op it plak fan it ûngelok © Stefan Postema
By Ferwâlde is freedtemiddei in fytser (74) út Warkum om it libben kaam by in ûngelok. Dat hat de plysje bekend makke. It ûngelok barde op de Skarnebuorsterwei. De fytser kaam troch ûnbekende oarsaak yn botsing mei in auto. Helptsjinsten wiene oproppen, krekt lykas de traumahely. Undanks de ynset fan de helpferlieners ferstoar de man op it plak fan it ûngelok.

De ferkearsspesjalisten fan de plysje hawwe wiidweidich ûndersyk dien nei de oarsaak fan it ûngelok. De bestjoerder fan de auto, in frou (29) út Warkum, is as fertochte troch de plysje heard. De plysje prate fierder mei ferskate tsjûgen. Sy krigen ek slachtofferhelp oanbean.