Waarmte soarget foar topdrokte by iiskofabrikant yn Sint-Nyk

26 maaie 2017 - 14:31

It is moai waar yn de provinsje en fansels is dan de fraach nei iisko's wer grut. It bedriuw Holiday Ice yn Sint-Nyk is in grutte leveransier fan iis en hat it op it stuit smoordrok. Alteast, der wurdt freed gjin iis makke, mar der wurde wol in soad bestellingen ferwurke. "Sa nei in feestdei kin it foar ús net út om de hiele produksje wer op te starten foar in heale dei", leit Sebastiaan Berswerda fan it bedriuw út.

Neffens Berswerda is it "gekkenhuis" op de ôfdieling oarderferwurking. Der binne klanten dy't fiif kear safolle as normaal bestelle, en yn hiel Europa, sa seit Berswerda.

(Advertinsje)
(Advertinsje)