Fyftich kante meter bosk yn 'e brân op Skylge

26 maaie 2017 - 14:21

Op Skylge hat freed in koarte boskbrân west. Dat wie yn West-Skylge, by de Badweg-west. Neffens de brânwacht hat goed fyftich kante meter boskgrûn yn de brân stien. It gie om drûge dinnenullen, beammen hawwe troch it fjoer gjin skea oprûn. De brânwacht warskôget foar fjoer yn de natuer. Op Skylge jildt fanwege de drûchte sûnt tiisdei in stook- en smookferbod.

(advertinsje)