Freedsmerk oer kabinetsformaasje: "Pechtold oan it ear lûke"

"Pechtold moat ris flink oan it ear lutsen wurde. En ik wol wol helpe!" Dat wie ien fan de advizen foar ynformateur Edith Schippers fan de Ljouwerter freedsmerk. No't it swier keallet om in mearderheidskabinet te formearjen, moatte partijen better yn 'e gaten krije wêr't it om giet: it lânsbelang.
Oaren sjogge de politisy as lytse bern: "It is krekt in beukerklasse" en "Myn pakesizzers kin better gearwurkje!". Geregeld kaam ek de suggestje nei foaren om op 'e nij mei de PVV te praten. "Dat is dochs de twadde partij yn grutte, dy miljoenen stimmers kin je net samar passearje." Oaren fine it terjochte dat de PVV bûtenspel stiet, "Mar dat betsjut wol dat alle oaren mear wetter by de wyn dwaan moatte." In oar lûd wie krekt om it mar rêstich oan te dwaan: "Lit it mar gewurde, it draait no ommers ek sa moai as wat..."