5 tips om dizze tropyske dei troch te kommen

It sil hjoed wol sa’n 30 graden wurde en Piet hat it oer in waarmterekôr! Dus hoe moatte we no de dei trochkomme sûnder dat we der by delfalle? No, ast dy oan dizze tips hâldst, dan moatst wol in hiel ein komme:
IIsblokjes!
Ja, bêst wol logysk, mar iisblokjes binne fet chill. Dus ast wat te drinken hellest, doch dêr dan iisblokjes yn. Dit kin yn ‘e kola, tee en fansels ek yn ‘e kofje, mar wolst no de dei echt goed begjinne, dan mar wat iisblokjes by de cornflakes.
Keapje in polsstôk
No moast eins net tefolle dwaan op sa’n waarme dei, mar wat no ast in pols keapest en dan net oer de sleat springst mar yn ‘e sleat? Hearlike ferkuolling en je kinne moai genietsje fan ‘e natuer.
Klaai dy neffens it waar!
Doch lekker romme klean oan sadat it lekker luchtich sit en doch wite klean oan sadatst net te folle waarmte opfangst. Foar de ultime luchtige ûnderfining kinst ek gjin klean oandwaan, hâld der wol rekken mei dat net elkenien dat op priis stelt.
Sykje de kjeld op!
It is net oan te rieden om fol yn ‘e sinne te sitten, dus sykje it skaad op, of oare wat koelere plakjes. Ast in grutte friezer hast, dan kinst dy ek leechhelje en yn ’e friezer sitte. In grut foardiel is datst dan earst it iis opite moatst, oars raant it.
Omtinken!
It is 30 graden mar it hie ek 31 graden wurde kinnen, dus sa waarm is it hielendal net. Dêrneist is it yn Afrika folle waarmer as hjir! Mar yn Yslân is it dan wol wer folle kâlder as hjir.
Neist dizze essinsjele tips moatst ek genôch wetter drinke en is it ek wol snoad om dy goed yn te smarren datsto net ferbrânst. Mar ferjit foaral net te genietsjen fan it moaie waar.